AID-ûndersyk nei deade skiep

29 okt 2009 - 17:21

De Algemiene Ynspeksjetsjinst ûndersiket op dit stuit oft Hoekstra fan Marrum de dea fan 23 skiep te ferwiten falt. Yn it wykein fan 3 en 4 oktober ferdronken de skiep achter de seedyk op it Noarderleech by Ferwert.

Troch it stoarmige waar kaam it seewetter oer de simmerdyk en koene de skiep net mear op 'e tiid fuortkomme. As de AID konkludearret dat dat Hoekstra oan te rekkenjen falt, folget der mooglik in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)