Alders belûke by nij ûnderwiis

29 okt 2009 - 17:06

In groep Fryske âlden wol meitinke oer de nije opset fan it ûnderwiis dêr't op it stuit oan wurke wurdt yn Den Haach. It ministearje fan ûnderwiis is dwaande mei it opsetten fan ûnderwiis op maat.

De lêste jierren wurdt hieltyd mear besocht om bern dy't spesjale soarch nedich hawwe troch bygelyks in beheining of in learprobleem op in gewoane skoalle lessen folgje te litten. Mar dat slagget te faak noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)