Gjin cd fan Alvestêdejubileum

Yn oktober wie it jubileumfeest yn Frjentsjer
Der komt foarearst gjin CD mei de lieten dy't Syb van der Ploeg skreaun hat foar de Alvestêdejubileumfeesten. De sjonger hie ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan de Alvestêdeferiening foar alle 11 stêden in liet makke. Yn novimber soene dy op in sammel CD presintearre wurde yn Bartlehiem.
De organisaasje fan de jubileumfeesten hat lykwols te krijen mei in krap budzjet en stekt it jild leaver yn de optredens op de feestjûnen sels.