Keaphuzen yn Fryslân djoerder

29 okt 2009 - 14:20

As iennichste provinsje fan Nederlân is yn Fryslân de priis fan in keaphús it ôfrûne jier omheech gien. Yn alle oare provinsjes sakke de priis. Dat docht bliken út sifers fan it tredde fearnsjier fan 2009.

De huzeprizen binne yn it noarden oer it generaal stabiler as yn it suden. Yn Noard- en Súd-Hollân en Noard-Brâban sakken de prizen mei sa'n seis persint. Fryske huzen waarden gemiddeld ien persint djoerder. Djoere huzen sakje it hurdst yn priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)