Nij sylsintrum foar Grou

Neffens de inisjatyfnimmers hat Grou ferlet fan in sylsintrum
In nij sylsintrum moat it wettersportimago fan Grou ferbetterje. Dêrneist sil sa'n sintrum foar in soad nije wurkgelegenheid soargje.
Dat fynt in inisjatyfgroep fan wettersporters út Grou, dy't yn opdracht fan de Keninklike Wettersport Feriening Frisia de komst fan it sylsintrum ûndersocht hat. It sintrum mei havenfoarsjennings soe komme moatte op de Blikpôle yn it doarp.