"Plysje-oanpak Berltsum goed"

29 okt 2009 - 12:48

De plysje hat gjin flaters makke by de grutte fjochtpartij yn Berltsum dit wykein. Dat hat de evaluaasje dúdlik makke. De plysje reagearret dêrmei op krityk fan twa famkes dy't belutsen wiene by de fjochtpartij yn Berltsum. De oanranding fan ien fan har wie de oanlieding foar de fjochtpartij.

De plysje hâlde dy sneontenacht fjouwer fertochten oan. In pear fan har ek foar mislediging. Minister Ter Horst fan ynlânske saken pleitet no foar in hurdere oanpak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)