Sjoerd de Vries: knalle op NK

Sjoerd de Vries yn aksje, doe noch yn DSB-pak (Foto: Martin de Jong)
Sjoerd de Vries fan Twellingea wol him by de NK ôfstannen fan dit wykein sjen litte op de 1000 en 1500 meter. Nei alle sponsorperikelen fan de DSB moat it no wer oer reedriden gean. De Vries moat him by de earste fiif ride om him te pleatsen foar de earste wrâldbekerwedstriid om him sa pleatse te kinnen foar de Olympyske Spelen.
Syn ploech ried earder mei de namme fan de DSB-bank op it pak. Dit wykein stiet der gjin sponsornamme op har klean, der is noch gjin nije sponsor.