Call4Talent It Fean fallyt

It jonge bedriuw Call4talent is fallyt
Telemarketingburo Call4Talent op It Hearrenfean is fallyt. It bedriuw hie twa fêste meiwurkers en seis parttime telefonisten. It bedriuw bestie noch mar goed in heal jier. Call4Talent wurke foaral foar fersekeringskantoaren.
Yn earste ynstânsje wiene der aardich wat opdrachten, mar de lêste moannen waard it hurd minder. It publyk waard hieltyd ôfwachtsjender mei it oangean fan telefoanyske ôfspraken oer fersekerings.