Frou De Tynje ferûngelokke

Der wiene trije frachtauto's by it ûngelok belutsen (foto: Bart Meesters, Meesters Multi Media
In 29-jierrige frou fan De Tynje dy't woansdei slim ferwûne rekke by in botsing tusken trije frachtauto's by Vught, is ôfrûne nacht ferstoarn. It slachtoffer siet as passazjier yn ien fan de frachtweinen. Dy waard bestjoerd troch in 20-jierrige man fan De Tynje. Hy rekke ferwûne en leit noch yn it sikehûs. Ek in twadde frachtweinsjauffeur rekke ferwûne.
De oanriding ûntstie nei alle gedachten neidat de bestjoerder fan de foarste frachtauto ynienen remme.