Trije oanhâldings Easterwâlde

29 okt 2009 - 10:31

De plysje hat woansdei trije minsken oanholden foar stellerij. It giet om in 35-jierrige ynwenner fan Oude Pekela en twa froulju út Winschoten fan 23 en 32 jier. Yn in winkel yn Easterwâlde hiene se djoere kwasten stellen. In tsjûge belle de plysje en notearde it kenteken. De plysje koe de fertochten eefkes letter oanhâlde.

Yn de auto trof de plysje in grutte partij stellen guod oan, sa as klean en ark. De auto en it guod binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)