Frou oppakt foar drugshannel

29 okt 2009 - 10:27

De plysje hat woansdei in 58-jierrige frou út Ljouwert oanholden foar drugshannel. Nei oanlieding fan klachten oer oerlêst troch drugsgebrûkers en -hannelers hold de plysje in kontrôle yn de Beekkerkstraat.

Yn de wenning fan de frou trof de plysje tsientallen grammen amfetamine, in partij heroïne, ferskate medisinen en poeier oan. De plysje hat alle drugs yn beslach nommen. De frou sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)