Wer brân yn sintrum H'fean

It sintrum fan It Hearrenfean is tongersdei betiid ûntsnapt oan wer in grutte brân. Yn in wenning boppe restaurant Per Bacco wie om 3 oere brân ûntstien. In krekt oanskafte brânmelder makke in frou dy't yn it gebou wie, wekker. Sy koe de brânwacht warskôgje. Dy makke melding fan grutte brân en rukte mei trije korpsen út.
De frou is mei in ljedder út it gebou helle. It fjoer wie gau ûnder kontrôle. De lêste tiid ha der in tal grutte brannen west yn it sintrum.