Gjin foie gras mear op menu

29 okt 2009 - 07:58
  • Restaurants en cateringbedriuwen op It Hearrenfean servearje gjin foie gras mear

40 restaurants en cateraars op It Hearrenfean sette gjin foie gras mear op de menukaarten. Dat ha se mei elkoar ôfsprutsen op inisjatyf fan bisterjochte-organisaasje Wakker Dier. Foie gras is in guozze- of einelever dy't fet makke is. De bisten wurde twongen om mear te iten, sa meldt Wakker Dier.

It twingen fan iten soarget foar sykhellingsproblemen en ferwûnings oan de slokdarm by de fûgels. Se krije ek oare problemen troch it fette iten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)