SC Hearrenfean by lêste 16

28 okt 2009 - 23:44

Sportklup Hearrenfean hat troch in 4-2 oerwinning op RBC Roosendaal de lêste 16 fan de KNVB beker helle. Yn in meagere earste helte bruts Daryl Janmaat de skoare iepen. Nei it skoft wie der mear aksje. Goran Popov makke de 2-0 en Mika Väyrynen kaam nei in blessuere fan njoggen moanne wer yn it fjild. It publyk wie optein.

Sjoerd Ars brocht de spanning werom: 2-1. Papadopulos en opnij Ars setten de stân op 3-2. Michel Breuer brocht fan alve meter de einstân op 4-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)