Fergees miel foar 65-plussers

Yn restaurant Amuse waard opskept foar de 65-plussers
Yn restaurant Amuse yn Ljouwert hawwe woansdeitejûn goed tachtich âlderen dy't fan in AOW-útkearing rûnkomme in fergees diner oanbean krigen. Studinten fan it Friesland College hawwe it miel makke en serveard.
It fergese menu waard de âlderein oanbean troch de stifting Zes&Co dy't faker oan spesjale doelgroepen fergees saken oanbied. Ein dit jier wol Zes&Co wat dwaan foar bern dy't troch jeugdhelp Fryslân holpen wurde.