Oanjefte fan oanranding

28 okt 2009 - 16:07

In famke fan 17 út Ljouwert sil by de plysje oanjefte dwaan fan oanranding. Dat soe dit wykein gebeurd wêze yn in diskoteek yn Berltsum. It wie de opmaat foar in ûnrêstige nacht. In grut tal jongeren gie troch it foarfal mei elkoar op 'e fûst en de plysje moast sels de wapenstok brûke.

It famke fielt har slachtoffer fan wat bard is. Se fielt har net serieus naam troch de plysje. De plysje seit dat se earst mei it famke prate wolle om it ferhaal op wearde te skatten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)