Rjochter: A7 krijt gjin jild
It Sintrum foar de Keunsten A7 krijt gjin jild. De rjochter hat bepaald dat de oansluten gemeenten, It Hearrefean, Opsterlân en de Stellingwerven, net hoege te beteljen. It sintrum hie om in liening frege fan in kwart miljoen euro. Dat jild krigen se net, dus stapte it sintrum nei de rjochter.
Dy fynt dat it sintrum net fia de rjochter beswier meitsje kin want it is gjin sybsuydzjewegering. Ek is der foldwaande reden om grutte twifels te hawwen oer it fuortbestean fan A7.