Oer de kop yn Solar Challenge

Bruinja docht gewoan wer mei oan de race
Mart Bruinja (22) út Drachten fleach tiisdei oer de kop mei de sinne-auto. Hy docht mei oan de World Solar Challenge yn Australië. Bruinja makket diel út fan it team fan de Universiteit Twente. Yn de buert fan Alice Springs klapte der in bân wêrtroch't it mis gie. Bruinja rekke net ferwûne. Hy koe trijehûndert meter trochride, mar neidat de felch him fêstbiet yn it asfalt, wie it oer.
Bruinja stapt tongersdei wol wer achter it stjoer.