Takomst foar melkfeehâlderij

28 okt 2009 - 13:46
  • Melkfeehâlders ha wol takomst

De melkfeehâlderij hat takomst neffens de Fryske Rabobank. De bank hâldt woansdei it kongres 'Anders Melken' yn Ljouwert. It lûd fan de bank is opfallend, om't in soad melkfeehâlders amper oan har betellingsferplichtings foldwaan kinne.

Neffens de bank ferdwine de kommende jierren yn Nederlân 9000 bedriuwen. De 11.000 dy't oerbliuwe, moatte groeie. Se moatte mear dwaan oan it wolwêzen fan de bisten en duorsum wurkje om de kosten nei ûnderen te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)