Sykaksje fermiste man stopset

28 okt 2009 - 12:42
  • It skip fan de fermiste man (foto: Jaring Rispens)

De sykaksje nei de 68-jierrige Ljouwerter is stopset. De man wurdt sûnt ferline wike op de Iselmar by Gaast fermist.

Tiisdei is noch mei man en macht socht nei de man, mar dat hat neat opsmiten. Ferline wike waard der earst socht mei sonarapparatuer, mar doe is ek neat fûn. Op 't it lêst waard socht mei hûnen. De plysje ropt minsken noch wol op om út te sjen nei de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)