Gitaristen socht

28 okt 2009 - 10:32

Foar it stik The Berlin Wall of Sound wurde noch 30 gitaristen socht. Studinten fan de Academie voor Popcultuur wolle dat stik 9 novimber yn Berlyn útfiere. Dan wurdt de fal fan de Berlynske muorre betocht, 1989.

De studinten wolle it stik mei 206 gitaristen spylje. Dat tal is keazen as symboal foar it tal minsken dat troch de Berlynske muorre om it libben kaam. De studinten ha de help fan radio 3FM ynskeakele om de lêste 30 gitaristen te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)