Sylkearnploech: trije Friezen

Marit Bouwmeester (argyffoto)
Marit en Roelof Bouwmeester en Brechtje van der Werf binne opnommen yn de fernijde Delta Lloyd sylkearnploech. Dy nije ploech waard tiisdei presintearre yn Den Haach. Roelof Bouwmeester fan Warten sylt yn de Laser, syn suster Marit yn de Laser radial. Brechtje van der Werf fan Snits docht mei oan it matchracen.
De Friezen Jacco Koops fan It Hearrenfean en Maurice Paardenkooper fan Frjentsjer binne twa fan de coaches fan de kearnploech.