Väyrynen by seleksje tsjin RBC

27 okt 2009 - 16:58

De Fin Mika_Väyrynen makket woansdei wer diel út fan de seleksje fan SC_Hearrenfean, foar de bekerwedstriid tsjin RBC. Väyrynen foel yn jannewaris fan dit jier út mei in blessuere oan de knibbel en moast dêr oan opereard wurde.

Roy Beerens is noch net fit genôch om te spyljen. Trainer Jan de Jonge oerwaget om in pear spilers rêst te jaan. Dat jildt mooglik foar Viktor Elm, Michael Dingsdag en Michal Svec. Dingsdag en Elm trainden tiisdei apart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)