Froulju wegere yn opfanghuzen

© Omrop Fryslân
De beide opfanghuzen foar slachtoffers fan earwraak ha 54 famkes en froulju wegere omdat se gjin plak hiene. Dat sei steatsiktaris Jet Bussemaker fan folkssûnens tiisdei yn de Twadde Keamer. Yn Fryslân stiet ien fan de beide opfanghuzen, mei acht plakken.
Ferline wike kaam al yn it nijs dat de opfangorganisaasje Fier Fryslân wol dat der folle mear plakken komme. De steatsiktaris fynt dat slachtoffers yn elts gefal nea weromstjoerd wurde meie nei hûs.