Minder molke nei fabryk

27 okt 2009 - 16:02

Suvelkoöperaasje Friesland/Campina hat de lêste wiken folle minder molke oanlevere krigen. Oant mids oktober sakke de gemiddelde oanfier nei goed 150 miljoen kilo. Dat is in pear miljoen kilo minder as yn de lêste twa jier.

De lêste twa jier wie de dip yn de oanfier fan molke earder yn it jier en gie de produksje ek wer earder omheech. No rint de oanfier fan molke noch hieltyd werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)