9 jier easke tsjin oerfaller

27 okt 2009 - 15:09

Tsjin in man (41) út Zandvoort is tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert 9 jier sel en tbs mei twangferpleging easke. Hy wie yn maaie fan dit jier mei ferantwurdlik foar fiif oerfallen op winkels yn Noard-Nederlân. Trije dêrfan wiene yn Fryslân: de Bentex yn Burgum, de Zeeman yn Stiens en de Schlecker yn Wolvegea.

In oare fertochte hat yn septimber al ien jier sel oplein krigen. De tredde fertochte moat letter noch foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)