Stoflik omskot by De Lemmer

27 okt 2009 - 14:57

De plysje hat yn de haven fan De Lemmer in stoflik omskot fûn. It giet om de Dútser dy't sûnt freedtejûn fermist wurdt. De man wie 70 jier en kaam út Essen. De famylje hat it slachtoffer ydentifisearre.

It stoflik omskot waard fûn by in syktocht mei sonarapparatuer dy't de plysje sûnt tiisdeitemoarn tsien oere hâlde. De plysje slút út dat der sprake west hat fan in misdriuw. It KLPD siket ek noch op de Iselmar nei in man út Ljouwert. Dêr is noch neat fûn

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)