Fertochte moard bliuwt fêst

27 okt 2009 - 14:42
  • Ida Klijnstra waard foarich jier fermoarde

De 28-jierrige man út Wolvegea dy't oppakt is yn ferbân mei de dea fan Ida Klijnstra fan De Blesse bliuwt yn elk gefal noch trije dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald. De fertochte ûntkent dat er by it misdriuw belutsen west hat.

De man waard freed arrestearre op grûn fan tsjûgeferklearrings. Hy is de soan fan Arjan van der Schaar, de man út Frjentsjer, dy't himsels tekoart die op it stuit dat de plysje by him foar de doar stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)