Mooglik mear kâns foar Cambuur

27 okt 2009 - 14:19
  • Mooglik mear kâns foar Cambuur (Foto: Martin de Jong)

Mocht RKC Waalwijk troch in fallisemint út de kompetysje gean, dan hat Cambuur mear kâns op promoasje. Dan kin der nammentlik in ekstra klup promovearje. Omdat der dan 17 klups oerbliuwe, degradearret de nûmer 17 en moat der in ekstra klup bykomme.

Gewoanwei komme de winners fan twa play-off-finales yn de earedivyzje. As RKC, no nûmer 18, út de kompetysje helle wurdt, spylje de twa ferliezers fan dy play-off-finales noch in ekstra duel om promoasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)