Syktocht nei 2 wettersporters

© Omrop Fryslân
Sûnt 10 oere tiisdeitemoarn wurdt op twa plakken yn Fryslân socht nei fermiste wettersporters. Yn de Lemster haven siket de plysje mei sonar nei de Dútske wettersporter dy't sûnt freedtejûn fermist wurdt. De man hie dy jûns noch yn de havenbar en by freonen west en wie doe nei syn boat gien. Dêrnei is er net wer sjoen.
Der wurdt ek wer socht nei de 53-jierrige Ljouwerter dy't ferline wike moandei op de Iselmar oerboard slein is. In syktocht doe smiet neat op.