Ynfal gastâlderburo Gytsjerk

27 okt 2009 - 10:17

De FIOD-ECD hat moandei in ynfal dien yn Gytsjerk en acht oare plakken yn Nederlân fanwege fraude by gastâlderburo's. De fertochten binne bestjoerders fan de buro's. Se wurde fertocht sjoemele te hawwen mei de berne-opfangtaslach. Oanfragen foar dy taslach binne yntsjinne noch foardat der bern opfongen waarden.

Ek binne tariven of oeren yntsjinne dy't net doge of binne taslaggen oanfrege wylst der hielendal gjin opfang levere waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)