Plysje ramd by achterfolging

27 okt 2009 - 09:56

By in achterfolging op de sneldyk fan Drachten nei De Jouwer is ôfrûne nacht in plysjeauto ramd. De plysje hie de achterfolging ynset omdat it fermoeden bestie dat de bestjoerder belutsen wie by in ynbraak yn in bedriuw oan it Gangboord yn Drachten. Dêrby binne meardere kompjûters stellen.

Nei de alarmmelding seach de plysje in auto út de rjochting Drachten hurd foarby riden op it Klaverblêd by It Hearrenfean. De plysje gie der achteroan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)