Fertochte yn moard Klijnstra

27 okt 2009 - 09:36

Yn de saak fan de moard op Ida Klijnstra fan De Blesse is in fertochte oanholden. It giet om de âldste soan fan Arjan van der Schaar, de man dy't himsels tekoart die op it momint dat de plysje him nei de moard oanhâlde woe. De fertochte wennet yn Wolvegea en is ôfrûne freed oanholden op fertinking fan belutsenheid by de moard op Klijnstra.

Ida Klijnstra waard yn juny ferline jier yn har wenning oerfallen en mei in fjoerwapen om it libben brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)