Terherne wol nei Skarsterlân

In soad folk prate mei oer de takomst
Terherne wol sa gau mooglik oergean nei de gemeente Skarsterlân. Dat die moandeitejûn bliken op 'e earste fan njoggen gespreksjûnen, dy't troch de gemeente Boarnsterhim regele binne.
Oergean nei de gemeenten Ljouwert of Hearrenfean is gjin opsje. It stânpunt fan Terherne kaam net as in ferrassing, want doarpsbelang hat in enkête holden. Derút die bliken dat 94% fan de doarpsbewenners nei Skarsterlân ta wolle.