Survivalbaan yn Koatstertille

26 okt 2009 - 21:40

Koatstertille is sûnt moandei in bysûndere sportive foarsjenning riker. It giet om in survivalbaan. De baan leit neist it gymnastyklokaal, sadat er troch bern fan 'e basisskoallen brûkt wurde kin by de gymnastyklessen. Mar de baan kin ek bûten de skoaltiden brûkt wurde.

De bern fan it doarp binne fan it begjin ôf belutsen by de ûntwikkeling fan de survivalbaan. Se hawwe ûnder oare jild ynsammele mei in staasjejildprojekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)