Ekskús direkteur provinsje

Direkteur Guido van den Boorn fan 'e provinsje hat moandei syn ekskuses oanbean
Ynterim-direkteur Guido van den Boorn fan 'e provinsje Fryslân hat moandei syn ekskuses oanbean oan de meiwurkers. Yn 'e hjerstfakânsje krigen de amtners in tige krityske analyze fan Van den Boorn tastjoerd oer organisaasje en it personiel.
Omdat in soad minsken op fakânsje wiene hawwe dy it nijs op ynternet of yn 'e krante lêzen en net streekrjocht krigen. Van den Boorn fynt dat ûngelokkich en hat dêr in mail oer stjoerd oan alle meiwurkers.