Amtners út Súd-Afrika yn Snits

26 okt 2009 - 11:48

Yn Snits is dizze wike in selskip Súd-Afrikaanske gemeente-amtners en wetterskipsmeiwurkers op besite. Se komme foar kennisútwikseling en sille by ferskate rioel- en wetterprojekten del lykas de rioelsuvering fan Warkum.

Wetterskip Fryslân wurket sûnt 2006 gear mei Súd-Afrika. Ferline jier binne Snits en twa Súd-Afrikaanske gemeenten by de gearwurking belutsen. In jier lyn hat in Fryske delegaasje nei Afrika west om te sjen hoe't de sizzenskip oer it wetter better kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)