Soad boufakkers oan 'e kant

26 okt 2009 - 11:44

De malêze yn de bou dy't al sa faak oankundige is, is de lêste moannen echt te fernimmen. Fryske boubedriuwen hawwe sûnt de simmer 20 oant 25 persint fan it personiel ûntslein. Mei-inoar giet it om hûnderten minsken.

Faak giet dat mei lytse oantallen tagelyk, sûnder publisiteit. Dit wykein kaam wol yn it nijs dat Lont yn Sint Anne 15 minsken dien jout. De ferwachting foar de kommende moannen is ek net goed, sa seit fakbûn CNV Hout & Bouw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)