Auto fêst op spoaroergong

© Omrop Fryslân
Der hat sneintejûn in auto fêst sitten op de spoaroergong oan de eastlike kant fan Bûtenpost. In bergingsbedriuw hat de auto mei de ynsittenden fan it spoar ôfhelle. Pleatslik belang Bûtenpost is skrokken fan it ynsidint.
It komt wol mear foar dat auto's op de oerstek fêst komme te sitten. Begjin dit jier noch botste in trein op twa auto's. Ien dêrfan siet fêst op de spoarweioergong fêst siet. Ien persoan rekke doe ferwûne.