Graffity-spuiters trappearre
Twa jonges út Drachten binne snein troch de plysje oppakt omdat se in skoftkeet ûnder de graffity oan it spuitsjen wiene. In tsjûge hie de plysje warskôge.
De jonges fan 17 jier âld hiene beide in rêchsek mei spuitbussen ferve op 'e rêch. Dy spuitbussen binne yn beslach naam en de jonges ha in bekeuring krigen.