Ferkear A7 fêst nei botsingen

26 okt 2009 - 08:55

Troch in searje ûngelokken op de A7 krekt oer de provinsjegrins tusken Fryske Peallen en Mearum stie der moandeitemoarn op beide kanten fan 'e sneldyk A7 in file.

Yn 'e rjochting fan Grins stiet der in file fan sân kilometer stilsteand ferkear. Yn dy rjochting is ien helte fan 'e dyk ôfsletten. De oare kant op rjochting Fryslân stie ek in file fan inkelde kilometers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)