Wettersporter yn haven fermist

26 okt 2009 - 07:53
  • De man wie fêste gast yn de jachthaven

Yn jachthaven Iselmar op De Lemmer is sneintejûn troch dûkers socht nei in Dútske wettersporter. De 71-jierrige fêste gast út Essen waard freedtejûn let foar it lêst sjoen, doe't er werom nei syn boat gie. Hy hie yn de havenbar en by freonen oan board west.

Doe't de man sneon en snein net wer sjoen waard en hy ek net yn Dútslân bliek te wêzen, warskôge de havenmaster de plysje. In sykaksje mei help fan dûkers fan de Snitser brânwacht hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)