Snits Wyt Swart bekert fierder

25 okt 2009 - 16:41
  • It kompleks fan it altyd lestige Sparta '59 yn Deinum
  • Keeper Kroeze wist syn goal in moai skoft skjin te hâlden

Haadklasser Snits Wyt Swart moast it yn 'e earste knock-out ronde fan it bekertoernoai opnimme tsjin Sparta '59 út Deinum. De sechdeklasser hâlde oant de 40ste minút de goal skjin, mar doe skoarde Snits de 1-0. It wie ienrjochtingsferkear yn Deinum, mar troch knap keeperswurk fan Peter-Jan Kroeze wie dit lange tiid net te sjen yn it skoareferrin.

It waard lang om let 5-0 foar Snits troch goals fan ûnder oare Freerk de Jong, Age-Hains Boersma en Theo Ydema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)