Ferwûnen by oanriding Oerterp
By in ûngelok op de Opperhaudmare by Oerterp binne sneontejûn twa manlju ferwûne rekke. Op de krusing fan de Opperhaudmare mei de Bûtewei ferliende in man (46) fan Bakkefean gjin foarrang oan in autorider fan Numansdorp (47). Beide manlju binne mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.
Beide auto's rekken bot skansearre by it ûngelok.