Berltsum: grutte fjochtpartij

25 okt 2009 - 13:17

De plysje hie it yn 'e nacht fan sneon op snein drok mei in fjochtpartij op it Hemmemaplein yn Berltsum. Om healwei fjouweren moarns wie der earst in grutte fjochtpartij yn in diskoteek, dy't letter bûten trochgie.

In groep fan 150 man stie hjir driigjend foar de plysje oer. It koste de plysje de nedige muoite om de oarder te hanthavenjen. Fjouwer fertochten út Snits en Ljouwert fan 17, 18, 20 en 26-jier waarden oanhâlden en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)