150 skippen troch Ketelbrêge

25 okt 2009 - 10:54

Sa'n 150 skippen binne sneintemoarn betiid troch de Ketelbrêge fearn. De operaasje, dy't sûnder grutte problemen ferrûn, duorre mei-inoar in oere.

Begjin oktober gie de brêge samar omheech. Dat hie in tal oanridings en gaos op autodyk A6 fan gefolgen. Rykswettersteat hat de brêge dêrom in skoft net mear iepene. De iepening fan sneintemoarn betiid wie noch mar de twadde kear sûnt dat ynsidint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)