Beatrix langer by hynstesjo

25 okt 2009 - 08:50
  • Keninginne Beatrix belibbe in moaie jûn by it Frysk Hynstestamboek
  • De jubileumshow foel der goed yn by de Keninklike besite (foto Martin de Jong)

In lytse 10.000 minsken ha freed en sneon yn it WTC Expo yn Ljouwert by de hynstekeuring en de jubileumsjo west fan it Frysk Hynstestamboek. De sjo wie spesjaal makke fanwege it 130-jierrich bestean fan it stamboek.

Beskermfrouwe Keninginne Beatrix fan it stamboek wie sneontejûn te gast. Sy krige in steande ovaasje fan it publyk. It hie de bedoeling west dat Beatrix allinne de earste helte fan de sjo sjen soe, mar se fûn it sa moai dat se oan de ein ta bleaun is..

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)