Twadde ferlies Avanti Stiens

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti ha sneontejûn de wedstriid yn Den Bosch mei 5-3 ferlern fan De Hommel. Yn De Maaspoort namen de Stienzers in 2-1 foarsprong. Persoanlike flaters brochten de thúsploech op in riante 5-2 foarsprong. It waard noch wol 5-3, mar fierder kaam Avanti net mear.
Foar it debutearjende Avanti yn de topdivyzje wie it it twadde ferlies. De Stienzers stean no op it tredde plak mei 12 punten út seis wedstriden. De Hommel is koprinner mei 12 út 4.