De Fryske Top 100 is wer los

24 okt 2009 - 14:23

Sûnt sneontemiddei 14.00 oere is de stimbus foar de Fryske Top 100 wer iepen. Muzykympressario Bauke Algera fan Snits wie de earste dy't syn persoanlike Top 5 joech. Hy sette it willepunknûmer 'De mem fan Doutzen' fan Strawelte op nûmer ien.

Ferline jier waarden der mei-inoar mear as 60.000 stimmen útbrocht foar de Fryske Top 100. It stimmen kin on-line op www.frysketop100.nl. Op de redaksje sit in belteam klear mei ûnder oare sjongeres Griet Wiersma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)