Jubileum Hynstestamboek

It Frysk Hynstestamboek fiert dit wykein syn 130-jierrich bestean. Freed wie de Sintrale Keuring as ôfsluting fan it seizoen. Freedtejûn wie yn it WTC yn Ljouwert in spektakulêre show mei dêryn in sintrale rol foar it Frysk hynder. Der wienen 5000 taskôgers.
Fiifhûndert frijwilligers hawwe acht moanne wurke oan de foarstelling. De show wurdt sneon noch in kear opfierd. Dan is Keninginne Beatrix derby.